Wolkom by de thússide fan de KFFB

Wat docht de KFFB?

De KFFB, de Kristlik Fryske Folks Bibleteek is de iennichste Fryske boekeklub. Wy binne in feriening mei in goed 1000 leden. Wy jouwe alle jierren op syn minst trije boeken út. Al ús boeken binne skreaun yn it Frysk. Dizze boeken binne ek te krijen yn de boekhannel en yn de bibleteken. De ledepriis leit sawat 50% ûnder de winkelferkeappriis. Dêrfoar hoege jo net yn Fryslân te wenjen; wy ferstjoere boeken nei adressen bûten Fryslân, mar ek nei it bûtenlân. De leden krije der ek noch in boekekrante, de Fleanende Krie, fergees by.

Wat foar boeken jout de KFFB út?

Wy binne in útjouwer fan Frysktalige literatuer. In tal fan ús boeken spilet yn Fryslân, en hat in histoaryske eftergrûn, mar benammen de lêste jierren wurde ek boeken publisearre dy't hjoeddeiske tema's behannelje. De KFFB jout net allinne romans út, mar ek ekstra útjeften op it kristlik mêd: bygelyks prekebondels, dichtbondels en bernebibels. Dy ekstra útjeften kinne ek mei koarting kocht wurde troch de leden.

 

KFFB de iennichste boekeklub yn Fryslân

KFFB © 2016 Ontwerp en realisatie LauwersDesign