Wolkom by de thússide fan de KFFB

de iennichste boekeklub yn Fryslân

Wat docht de KFFB?

De KFFB, de Kristlik Fryske Folks Bibleteek is de iennichste Fryske boekeklub. Wy binne in feriening mei in goed 1500 leden. Wy jouwe alle jierren op syn minst trije boeken út. Al ús boeken binne skreaun yn it Frysk. Dizze boeken binne ek te krijen yn de boekhannel en yn de biblioteken. Foar leden wurde se foar de heale winkelpriis thúsbesoarge. Dêrfoar hoege jo net yn Fryslân te wenjen; wy ferstjoere boeken nei adressen bûten Fryslân, mar ek nei it bûtenlân. De leden krije der ek noch in boekekrante, de Fleanende Krie, fergees by.

Wat foar boeken jout de KFFB út?

Wy jouwe benammen folkslektuer út. In tal fan ús boeken spilet yn Fryslân, en hat in histoaryske eftergrûn, mar benammen de lêste jierren wurde ek boeken publisearre dy't hjoeddeiske tema's behannelje. De KFFB jout net allinnich romans út, mar ek koarte ferhalebondels en berneboeken. Der wurde ekstra boeken útjûn dy't de leden mei koarting krije kinne.

Jo kinne mei de blauwe knoppen hjir boppe en hjir links fierder gean.