Earste eksimplaar Dwaaltún oerlange

<< Terug

Earste eksimplaar Dwaaltún oerlange

27 september 2019

Woansdei 18 septimber krige de Dokkumse skriuwer Anders M. Rozendal it earste eksimplaar fan it boek Dwaaltún oerlange. 

 

Oardel jier reizge Rachel mei Jezus en syn folgelingen troch it Joadske lân. Nei Jezus syn dea giet se nei de bern en bernsbern yn Antipatris. 

 

Dan heart se ferhalen fan in lyk dat ferdwûn is en fan in opstanning. In folsleine tizeboel. Want wat is wier? Rachel har skoansoan giet nei Jeruzalem, mar dy reis kostet him hast it libben. 

Letter emigrearje Rachel har bern nei Itaalje. Rachel en de âldste beppesizzer bliuwe efter en belânje yn it Samaritaanske Sichar, har eardere wenplak.

 

Mear lju geane op reis. Lânfâd Pontius Pilatus hat syn nocht fan de Joadske elite yn Jeruzalem en giet nei syn paleis yn Cesaréa. As der opskuor yn it Samaritaanske lân is, mient de lânfâd dat er yngripe moat. Dan treft Rachel Pontius Pilatus foar de tredde kear.   

 

Dit boek is in ferfolch op Rachel, de dochter fan Timna, mar kin los dêrfan lêzen wurde. It is te bestellen by de KFFB, www.kffb.nl

Earste eksimplaar Dwaaltún oerlange

KFFB de iennichste boekeklub yn Fryslân

KFFB © 2016 Ontwerp en realisatie LauwersDesign