Earste eksimplaar Nina

<< Terug

Earste eksimplaar Nina

26 september 2020

Sneon 26 septimber  krige oersetter Jacobus Knol it earste eksimplaar fan de roman 'Nina' útrikt troch  Mynke Hoekstra.

In roman dy’t begjint mei de sin ‘Adrien hat besletten om jûn te stjerren’ lûkt jo fuort it ferhaal yn. Adrien is in frijfeint fan in jier as fjirtich, dy’t wennet yn Parys. Hy lijt oan it libben. Dat hat foar fierwei it grutste part te krijen mei Nina, syn grutte leafde dy’t er as bern al kennen leard hat, mar dêr’t er noait it relaasje mei krige. It ûntbruts him domwei oan it lef om ta te jaan. Hy beslút ôfskied te nimmen fan it libben en skriuwt in ôfskiedsbrief oan Nina. In dramatysk ferhaal ûntjout him dêr’t de leafde yn alle grutte, lytse, moaie en freeslike foarmen it gesicht sjen lit.

‘Nina’ is it lêste boek fan Jacobus Knol, seit de oersetter sels. Hy is op leeftiid en hat in lange rige publikaasjes op syn namme te stean, wêrûnder de romans ‘In libben as Styntsje’, dy’t er ûnder pseudonym skreau, ‘In earsten dragonder’ en ‘In opwinend fraachteken’. Syn bekendste oersettingen sille nei alle gedachten de boeken fan de joadske Nobelpriiswinner Elie Wiesel wêze. By de KFFB ferskynde bygelyks yn 1995 ‘De nacht’ en letter ek de beide autobiografieën fan Wiesel.

Knol levere ek in grutte bydrage oan ferskate blomlêzingen út de Fryske literatuer.


 

Earste eksimplaar Nina

KFFB de iennichste boekeklub yn Fryslân

KFFB © 2016 Ontwerp en realisatie LauwersDesign