Wolkom op de thússide fan de KFFB
Aktueel
Fanôf 15 maart wurdt it boek Swiet & Bitter, tegearre mei De Fleanende Krie, nei de leden ferstjoerd. It boek is skreaun troch Jikke Olivier. It earste eksimplaar is útrikt op 11 maart oan skriuwster Jikke Olivier troch bestjoerslid Martsje de Jong.
De jiergearkomste 2023 fan de leden fan de KFFB sil plak fine op sneon 25 maart 2023 om 14.00 oere yn de Kuriostsjerke, Julianalaan 38 yn Ljouwert.
Sjongeres Grytsje Kingma sil de jiergearkomste opfleurje mei Fryske lieten (www.grytsjekingma.nl).
Wat docht de KFFB?
De KFFB, de Kristlik Fryske Folks Bibleteek is de iennichste Fryske boekeklub. Wy binne in feriening mei goed 500 leden. Wy jouwe alle jierren op syn minst trije boeken út. Al ús boeken binne skreaun yn it Frysk. Dizze boeken binne ek te krijen yn de boekhannel en yn de bibleteken. De ledepriis leit sawat 50% ûnder de winkelpriis. Dêrfoar hoege jo net yn Fryslân te wenjen. Wy ferstjoere boeken nei adressen bûten Fryslân, mar ek nei it bûtenlân. De leden krije der ek noch in boekekrante, De Fleanende Krie, fergees by.
Wat foar boeken jout de KFFB út?
Wy binne in útjouwer fan Frysktalige literatuer. In tal fan ús boeken spilet yn Fryslân, hat in histoaryske eftergrûn, mar benammen de lêste jierren wurde ek boeken publisearre dy't hjoeddeiske tema's behannelje. De KFFB jout net allinne romans út, mar ek ekstra útjeften op it kristlik mêd bygelyks prekebondels, dichtbondels en bernebibels. Dy ekstra útjeften kinne mei koarting kocht wurde troch de leden.