Wolkom op de thússide fan de KFFB

Aktueel

Op 12 july 2024 is it boek Fêstichheid fan skriuwster Nelly Jongsma-de Jong mei de Fleanende Krie klear makke foar ferstjoeren nei de leden.

Op 15 en 29 maart 2025 sille ledegearkomsten hâlden wurde yn de Kuriostsjerke yn Ljouwert. Hjir sil ek de beslútfoarming foar ûntbining fan de feriening KFFB plak fine. Spitigernôch is it oantal leden te leech en binne de kosten te heech om troch te gean mei nije útjeften.

Wat docht de KFFB?

De KFFB, de Kristlik Fryske Folksbibleteek is de iennichste Fryske boekeklub. Wy binne in feriening mei sa'n 500 leden, oprjochte op 29 desimber 1934.

It doel fan de feriening is it fuortsterkjen fan it lêzen fan lektuer yn 'e Fryske taal. De feriening bestribbet dat doel troch:
a. it útjaan en fersprieden fan Kristlike Folkslektuer, en algemiene lektuer dy't net stridich wêze mei mei it foargeande;
b. it oanmoedigjen fan skriuwers en skriuwsters om yn de Fryske taal te skriuwen;
c. alle oare middels, dy't ta it doel bydrage kinne.

De boeken binne by ús, mar ek by de Afûk te bestellen. De bibleteken liene al ús boeken út.

KFFB de iennichste boekeklub yn Fryslân

KFFB © 2016 Ontwerp en realisatie LauwersDesign