Simke Kloostermanpriis 2022 foar I.E. Bloem
Simke Kloostermanpriis 2022 foar I.E. Bloem
23 september 2022De Simke Kloostermanpriis 2022 is op 23 septimber útrikt oan Jan Minno Rozendal dy't ûnder it pseudonym I.E. Bloem it bêste berneboek fan de ôfrûne trije jier skreaun hat. De titel fan it boek is It neidiel fan 'e twivel. It boek is útjûn by de Afûk.
Op de foto steane fan links nei rjochts kultuerwethâlder Tjibbe Brinkman fan Achtkarspelen, Jan Minno Rozendal en foarsitter fan it Simke Kloostermanlien en boargemaster fan Achtkarspelen Oebele Brouwer. De foto is makke troch Martsje de Jong.
